U bent hier: Home / Thuishuizen / Thuishuis Tomke / Wolkom op ús bernedeiferbliuw

Wolkom op ús bernedeiferbliuw

Thuishuis Tomke docht mei oan in trajekt wêrby se yn de takomst sertifisearre wurde sille as "bernedeiferbliuw foar meartalige ûntwikkeling". Sy krije dêrby stipe fan it Sintrum Frysktalige Berne-opfang. (www.sfbo)

Frysk

2013-06-27 15.21.36.jpgBy Thuishuis Tomke wurdt in soad Frysk sprutsen. Dit befoarderet de twatalige ûntwikkeling fan bern. Twataligens befoarderje troch op it bernedeiferbliuw in soad Frysk oan te bieden? Dat klinkt tsjinstridich. Dochs wurdt dizze wurkwize al desennia lang mei sukses tapast yn twatalige gebieten oer de hiel wrâld. Om in stevige taalbasis oan te lizzen hawwe alle bern (fral yn de pjutteleeftyd), in grut en breed oanbod yn de memmetaal nedich. Mei breed bedoele we neist it deistige taalgebrûk ek it kreative taalgebrûk fan bygelyks it foarlêzen en it sjongen. Troch de sterkere posysje fan it Nederlânsk krije Nederlânsktalige bern faak net allinne in grutter, mar ek in breder oanbod yn de memmetaal.er

Foar Frysktalige bern is in grut oanbod yn harren memmetaal goed om de taalbasis te ferbreedzjen. Ut  ûndersyk docht bliken dat in brede taalbasis yn de memmetaal úteinlik ek soarget foar in bettere ûntwikkeling fan in twadde taal, sa as it Nederlânsk.

Nederlânske bern dy’t gebrûk meitsje fan de opfang op Thuishuis Tomke leare der boartsjenderwize in twadde taal by. Om't bern yn de pjutteleeftyd midden yn de taalververwervingsmetoade sitte, giet dat oer it algemien hiel maklik.

It Nederlânsk krijt fierder in plak yn it gehiel troch it oanbieden fan ôfbeakene aktiviteiten lykas foarlêze en sjonge.

We fine it moai om op dizze wize bern krekt dat stike ekstra mei te jaan.

Nederlands

IMG_3455.JPG

Bij Thuishuis Tomke wordt veel Fries gesproken. Dit bevordert de tweetalige ontwikkeling van kinderen. Tweetaligheid bevorderen door op het kinderdagverblijf veel Fries aan te bieden? Dat klinkt tegenstrijdig. Toch wordt deze werkwijze al decennia lang met succes toegepast in tweetalige gebieden over de hele wereld. Om een stevige taalbasis aan te leggen hebben kinderen (vooral in de peuterleeftijd) een groot en breed aanbod nodig in hun moedertaal. Met breed bedoelen we naast het dagelijks taalgebruik ook het creatieve aanbod van bijvoorbeeld het voorlezen en het zingen. Door de sterke positie van het Nederlands krijgen Nederlandse kinderen niet alleen een groter, maar vaak ook een breder aanbod in hun moedertaal.

Voor Friestalige kinderen is een groot aanbod in het Fries goed om hun taalbasis te verbreden. Uit onderzoek blijkt  dat een brede taalbasis in de moedertaal uiteindelijk ook zorgt voor een betere ontwikkeling van een tweede taal zoals het Nederlands.

Nederlandse kinderen die gebruik maken van de opvang op Thuishuis Tomke leren er spelenderwijs een tweede taal bij. Omdat kinderen in de peuterleeftijd midden in de taalverwervingsperiode zitten, gaat dit over het algemeen heel gemakkelijk.

Het Nederlands krijgt verder vooral een plaats in het geheel middels afgebakende activiteiten zoals voorlezen en zingen.

Wij vinden het mooi om op deze wijze de kinderen net een beetje extra mee te geven.


 

Deel op